Fiif iisbanen yn Achtkarspelen krije itselde hiertaryf

Der sille net in soad minsken wêze dy’t der simmerdeis oan tinke, 
mar yn Achtkarspelen is der wól neitocht oer iisbanen.
Der binne fiif iisbanen dy’t yn Achtkarspelen op grûn fan de gemeente lizze.
 De gemeente hat no besletten dat de hiertariven foar alle banen lyk wurdt.


It giet om de iisbanen fan De Harkema, Bûtenpost, Koatstertille, Surhústerfean en Twizelerheide. De Harkema betelle oant no ta de minste hier en is as standert naam.
Foar de oare fjouwer doarpen komt de maatregel dus foardielich út.  Neffens it kolleezje slút de uniformiteit fan de iisbaantariven oan by it koälysje-akkoart.
Dêr stiet yn dat de sporttariven net ferhege wurde sille.

Bron: Omrop Fryslân