Jong en âld skoot oan by ‘langste itenstafel’ yn Twizelerheide

Oktober is net allinnich ‘ophâlden-mei-smoken-moanne, mar ek ‘moanne fan de oandacht’. Dat hâldt yn: omtinken foar iensume minsken, foar frijwilligers, mantelsoargers, foar bern en âlderein. De moanne begjint yn Tytsjerksteradiel mei in hiel lange itenstafel yn ferskate doarpen, dêr’t ynwenners oanskowe kinne. Dat dogge se ûnder oare yn Twizelerheide.

“Wy soene wat ludyks dwaan yn dizze spesjale moanne”, fertelt Jildau Jager fan de organisaasje. “Doe betochten wy it idee fan in lange yttafel. Doel is gesellich prate en kontakten opdwaan. Wy soene it earst bûtendoar dwaan, mar dat moast mar net. It is no yn it doarpshûs.”
Der binne sawat njoggentich oanmeldingen en dan komme der ek samar minsken oanwaaien dy’t spontaan mei-ite wolle. En it binne net allinnich âldere minsken, jong en âld skoot oan yn Twizelerheide. “Sis mar fan 1 oant 80 jier en der is ek muzyk by.”

Bron tekst: Omrop Fryslân