55 jierrich jubileum Fryske C.P.B. Twizelerheide e.o

Op 7 september 2019 wie it 55 jier lyn dat de fryske C.P.B. Twizelerheide e.o. oprjochten waard.

De feriening telt 47 leden, wêrfan 3 leden d’r al fanôf it begjin fan de oprjochting by binne, te witten:  Alie vd Boon-Talma, Gerrie Ellens-de Vries en Gerrie Talma-Drost alle trije al 55 jier lid fan ús feriening.

It jubileumfeest waard 14 oktober 2019 fiert yn “It West” te Twizelerheide mei in tige gesellich byelkoar wêzen en in feestelik buffet.

De presidinte Roelie Veenstra helle yn har taspraak it motto fan ús feriening oan, de trije O’s, dy’t steane foar Ontmoeting, Ontwikkeling en Ontspanning en seach mei ús foarút yn  it kommende seizoen en beneamde dat d’r it hiele jier wer wat te dwaan is en dat dit no al 55 jier sa giet. Wat geweldich dat wy dit dwaan kinne en dwaan meie.
Ek de kreativiteit wurd by ús feriening oansprutsen en de presidinte Ali Bosma fertelde oer de kommende wurksjop: “Macramee-hangers”, ek de feestelike corsages yn de foarm fan in haakte blom wiene fan har hân. Ta beslút fan it jubileumfeast waarden de fotografe en de gastfruolju betanke en slúte sy it jubileumfeest ôf mei it lêzen fan Spreuken 10:22a: “Alleen de zegen van de Heer die maakt rijk”.

Wolle jo ek ris in gearkomste meimeitsje?? Gasten binne altyd fan herte wolkom!
Foar programma of mear ynfo oer de C.P.B. Twizelerheide e.o.
kinne jo belje mei (0511)449121
Secr. Janny Jagersma